Nijs!
30-12 Ik ha my op 'e nasjonale merke bejûn kwa sollisitearen. Yn 'e regio noardeast Nederlân is neat mear te fertsjinjen en dat kin noch jierren duorje. Ik woe dôchs al lange tiid ferhúzje en op dit momint is der in soad te dwaan yn it súden fan it lân. Net noch langer yn 'e WW. Henk Kamp sei dat je ferhúzje wolle moasten foar wurk en dat hat er by it rjochte ein. 28-9 Op fakânsje west nei Niederaussem. Hjir stún oant 1958 de Burch 'Burg Holtrop' en riden de yllústere ridders fan Holtrop troch de beboske heuvels. Op itselde plak stiet no in oantinkingskrús mei de tekst 'Zur Erinnerung an das Holtroper Kreuz'. #Boekje 1-6 Jontsje teater. Peer Gynt! Peer siket nei wer it echt om draait yn it libben. Hy fantasearret der op los en wurd úteinlik himself. Suver krekt op tiid. Ymponearjend stik yn in hiele moaie produksje. 6-11 As ik yn myn auto op 'e snelwei sit fantasearje ik wolris dat ik, as in taksyend fleantúch, krekt foar de start, de straalmotoaren op folle kracht draaie lit en dat it rydboskjende jet dan de baan op skoot en mei donderjend geraas de noas oplûkt om it loftrom te betrêdzjen. Wer hinne soe ik gean wolle? Myn eagen dwale faak of nei kondinsstripen yn blauwe loften en somstiden sjoch ik in glinsterjend fleantúch, krúskjend yn in besinne himmel. Âlder nijs kinsto fan my hearre by in buorrel.
Wa bin ik? Ik bin Bernardus Holtrop, hikke en tein op in molkfeehâlderijbedriuw, midden yn it lân by Rotstergaast. Wy hawwe in moaie jeugd hân yn 'e wiidse lânsdouwen. Nei wat omswervingen wie ik yntusken yn 1990 oan it studearjen slein oan de Agraryske Hegeskoalle yn Ljouwert. Koart dernei belâne ik yn it meast romrofte studintehûs dat de stêd yn die tiid koe. It wie in bysûnder lokkige tiid. Yn 1995 studearre ik mei beste sifers ôf as boaiem- en miljeukundige. Yn 'e jierren nei it ôfstudearjen fersliet ik, in see fan yntinse oantinkens en in moai diploma riker, it iene hús en de iene baan nei de oare. It jobhoppen lei my wol. Oant inkele jierren lien. Ik krych sa stadich oan bettere banen en waard ambisjeus. Spitich genôch rekke ik myn fêste baan kwyt troch in fallissemint. Derom bin ik wer sykjende. Ik bin breed ynteressearre en ha in soad hobbys.
sport Ik hâld fan swemmen, kuierjen en hynsteriden. Ik ha jierren yn 'e hynders wurke as stâlarbeider, trainer en fersoarger by drafsportentrai- nement Tjitse Smeding yn Aldskoat. Ek ha ik sels in rydhynder han.
tekenjen Ik tekenje graach. Ik tekenje it ljoust op grut foarmaat, de snelle, groffe linen. Ik wurkje graach mei houtskoal of pastelkryt, op A3 of A2. Besjoch fan myn wurk de aap, de mosk, de âlde man mei baard en de iisfûgel. Fanwege in groanysk gebrek oan tiid, ha ik de ôfrûne jierren neat mear tekene.
Oars Sa as earder sein bin ik wiids ynteressearre en ha ik folle hobbys. Ik ûnderhald ferskate websites, ik kuierje en fotografearje graach, ik skreauwe graach wervende ferhalen en ik ha in hyl sterke affiniteit mei ICT. Derneist bin ik ynteressearre yn natuer en miljeu, polityk, sinne, kultuer en geaskiednis.
|
|
Forever Young May God bless and keep you always, Bob Dylan
|
|
||||||||||
|
|||||||||||||